Wolkom

​Myn namme is Sietske Ypenga-Keulen. 

Ik kin in noflike moarn, middei of jûn fersoargje mei folksferhalen, fertellingen en gedichten, dêr't ek nijsgjiriige ynformaasje trochhinne frissele wurdt.

Nei myn prépensioen by Bibliotheekservice Fryslan bin ik begûn om lezingen te hâlden foar groepen, want ferhalen fertelle doch ik graach en mei in protte wille. En meastentiids nim ik ek in tal boeken mei.

'Fertellers yn Fryslân'  / vertellers in Friesland' is in groep fertellers, dêr't ik ek diel fan útmeitsje. Op ferskate plakker fertelle de leden de moaiste en passende ferhalen.